Grutte brân by opfangpleats Lichtpunt Kollumersweach

16 des 2017 - 16:22

De opfangpleats fan Het Lichtpunt yn Kollumersweach is sneon folslein útbaarnd. By de brân kaam in soad reek frij. Omwenners moasten ruten en doarren tichtdwaan of tichthâlde. It fjoer bruts om sawat kertier oer sânen út yn in bygebou dêr't in kearsmakkerij yn sitte soe. Ferskate spuitauto's en in heechwurker waarden ynset om de brân te bestriden. De brânwacht koe net foarkommme dat it fjoer oersloech nei de skuorre fan de pleats. Dêr sieten in apparteminten yn.

Het Lichtpunt joech yn de pleats ûnderdak oan minsken dy't dreech hawwe. Alle bewenners binne yn feilichheid brocht.

"Jo skrikke behoarlik"

Koördinator Feike Kooistra fan de opfangpleats waard moarns betiid belle, mei de meidieling dat der brân wie, seit er. "Dan skrikke je behoarlik," seit er. "Je tinke as earste oan de minsken dy't dêr wenje. Dy binne der gelokkich allegearre goed foarwei kaam. Doe't ik hjir kaam, sloegen de flammen al út it dak. Der wie gjin rêden mear oan. De bewenners binne der gelokkich frij nuchter ûnder. Foar seis fan de sân is al tydlike wenromte fûn. Foar de sande sil dat ek noch wol slagje. Dan kinne se yn alle gefallen it wykein troch. Hooplik ek de krystdagen. Dêrnei moatte we mar wer fierder sjen."

Trefwurden: 
brân Kollumersweach
(advertinsje)
(advertinsje)