Maaike Schuurmans: "Leararen moatte fan learlingen ôfbliuwe"

Maaike Schuurmans waard in pear wike lyn neamd yn in #metoo-diskusje. Yn in útstjoering fan Pauw oer beskuldigingen fan seksueel grinskrusend gedrach fan Ruut Weissman, earder dosint en direkteur fan de Kleinkunstacademie yn Amsterdam, fertelde Karin Bloemen dat Maaike ien fan de studintes wie mei wa't Weissman in relaasje hân hat. Sa't Bloemen it sei: "Zij was 18, kwam uit Friesland, werd binnen drie maanden verleid en gescoord en ontmaagd door de directeur van Academie van Kleinkunst."
"Ja, dat klinkt hiel kru, mar it is sa't it is. Ik bin no 50 en we moatte it beneame kinne." Maaike Schuurmans wie it der hielendal mei iens dat Karin Bloemen har namme neamde yn de affêre, mar as it dan sa sein wurdt, komt dochs noch wol oan. "Oer myn relaasje mei Weissman wol ik fierder net folle kwyt. It hat mar efkes duorre, mar wêr't it my om giet, is dat it net kin, in relaasje tusken in dosint en in learling. It hat myn folsleine tiid op de Kleinkunstacademie beynfloede. Weissman wie de direkteur en dosint, hy moast myn wurk beoardielje. Om dy goed te ûntwikkeljen op dy oplieding moatst dy op dyn gemak fiele, moatst dy feilich fiele. Dat haw ik al dy jierren net dien. Ynlibje yn rollen wie dreech, want ik wie ferhurde, woe him net sjen litte dat hy my rekke." Maaike tinkt dat it miskien ek wol de reden is dat se 'in letbloeier' is. Se hat der nea oer praat. Fan Weissman mocht dat net en wêrom't se dat letter net dien hat, kin se net echt beneame: "Miskien dochs wol wat skamte?"
Ruut Weissman fynt sels net dat er wat ferkeard dien hat, sa liet er yn Het Parool optekenje. Neffens him wie de tiid doe sa, ein jierren '80. Maaike fynt dat gjin ekskús. De tiid wie doe miskien wol oars, mar it giet om it machtsferskil tusken learaar en learling. As jo dan echt wat wolle, doch it dan nei de oplieding, sadat it gjin ynfloed mear hawwe kin op jo ûntwikkeling op de oplieding. Se fynt it in taak fan de dosint om dêrom te tinken. Maaike hat it der nea mei Weissman oer hân. Se wurket en wennet al jierren foar it grutste part yn Dútslân en Eastenryk en rint him dus nea tsjin it liif. Mar se soe it hiel noflik fine as hy erkenne soe dat it net goed west hat dat hy der (geheime) relaasjes mei learlingen op nei hâlde.
Yn Buro de Vries kinne jo harkje nei it folsleine petear mei Maaike Schuurmans