Sipke Hulshoff: "Trije wereldgoals"

15 des 2017 - 23:22

"It wienen alle trije weareldgoals", sei trainer Sipke Hulshoff freedtejûn nei de thúsoerwinning fan Sportklup Cambuur op FC Dordrecht. De Ljouwerters wûnen foar de twadde kear op rige: 3-0. "Issa skeat de earste fantastysk binnen, dy fan Houtkoop leit strak yn de krusing en de lêste wie in geweldige assist fan Peersman op Kip, dy't 'm hiel moai ôfmakket." Alle goals foelen yn de twadde helte. Hulshoff: "Foar it skoft hienen we in soad balbesit, mar we krearren hast neat. Yn de twadde helte hawwe we it omset en dat is prima útpakt."

"Ik kon het zelf eigenlijk ook niet geloven"

It hichtepunt fan de jûn wie de goal fan Xander Houtkoop, dy't mei in ôfstânsskot foar de 2-0 soarge. "Ik denk dat ik nooit weer zo'n goal ga maken", fertelde de doelpuntemakker. "Ik had wat ruimte en kreeg de bal van Robbert Schilder, dus ik dacht: ik haal gewoon uit. Hij vloog er mooi in, ik kon het zelf eigenlijk ook niet geloven."

Foar it skoft wie de grutste kâns foar Dordrecht, mar Cambuur-keeper Erik Cummins pakte de strafskop fan Jafar Arias. "Onze keeperstrainer zei voor de wedstrijd tegen mij dat hij 'm laag rechts zou schieten. Ik probeerde hem uit de tent te lokken door een stapje naar rechts te doen. Ik zag hem twijfelen, dus ik gokte op links. Gelukkig schoot hij 'm ook links van mij", sei de keeper, dy't dus 'de nul' hold. "Dat is sowieso lekker. Als je dan ook nog een penalty keert, dan helemaal."

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal Dordrecht
(Advertinsje)
(Advertinsje)