Sealfuotbalsters Avanti winne yn Amsterdam

15 des 2017 - 22:45

De sealfuotbalfroulju fan Avanti hawwe freedtejûn wûn yn Amsterdam. Op besite by Os Lusitanos wie de ploech út Stiens mei 6-3 te sterk foar de thúsklup.

Binnen in kertier wie it al 0-3, mar Os Lusitanos kaam troch trije goals fan Latoya Mitchell werom ta 3-3. Yn de lêste tsien minuten soargen Astrid Kars, Sitsoeng Hau en Si Shut Hau der dochs foar dat Avanti mei de punten weromgong nei Stiens.

It wie de lêste kompetysjewedstryd foar Avanti foar de winterstop. Yn de kompetysje mei tolve ploegen stiet Avanti no sechsde.

Trefwurden: 
Avanti sealfuotbal
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)