Dûbele sifers foar UNIS Flyers tsjin hikkesluter

15 des 2017 - 22:29
Foto: Martin de Jong

De iishockeyers fan de UNIS Flyers hawwe freedtejûn úthelle tsjin de Red Eagles út Den Bosch. De Feansters wûnen thús mei 12-0 fan de nûmer lêst fan de BeNe-League.

Nei de earste perioade hienen de Flyers al seis goals makke. Dêrnei rûn de doelpunteproduskje wat minder hurd, want yn it twadde diel fan de wedstryd skoarden de Flyers 'mar' twa kear. Yn de lêste perioade fierden de Flyers de skoare dochs noch op mei fjouwer treffers.

De doelpunten waarden aardich ferdield, want sân ferskillende spilers skoarden. Marco Postma waard mei trije treffers topskutter.

Snein spylje de Flyers yn België tsjin de Chiefs uit Leuven.

(advertinsje)
(advertinsje)