Plysje siket trije manlju om berôving yn Wolvegea

15 des 2017 - 22:16

De plysje siket trije jonge mannen nei in berôving yn in parkje yn Wolvegea. Sy soene twa 19-jierrige jonges út Veenendaal bestellen hawwe fan ûnder oare in telefoan. Mooglik hawwe se dêr ek in fjoerwapen by brûkt. Meardere plysjes yn kûgelkearende festen dienen freedtejûn nei tsien oere ûndersyk yn it doarp, dat foar in part mei linten ôfset wie.

Yn in boargernet-oprop freget de plysje mei klam oan minsken dy't de mannen sjogge, om sels gjin aksje te ûndernimmen. Wat de trije mannen krekt bútmakke hawwe, is net dúdlik.

Trefwurden: 
Wolvegea berôving
(Advertinsje)
(Advertinsje)