FIDEO: Antoinette de Jong "op de goede rûte"

15 des 2017 - 22:11

Antoinette de Jong is oan in goed seizoen dwaande, mar it grutte doel is in medalje op de Olympyske Spelen yn febrewaris yn Súd-Koreä. "Oer oardel wike earst it Olympysk kwalifikaasjetoernoai, mar ik bin op de goede rûte. Dat jout hiel folle fertrouwen." Twa grutte konkurrinten op de 3 kilometer yn Súd-Koreä binne Ireen Wüst en Martina Sáblíková, mar De Jong hat fan beiden al wûn dit seizoen. "Eins bin ik dêr net echt mei dwaande. Salang't ik op mysels fokusje, moat it goedkomme."

(Advertinsje)
(Advertinsje)