Cambuur nei it skoft rom foarby Dordrecht

15 des 2017 - 21:59

Sportklup Cambuur hat freed mei dúdlike sifers wûn fan Dordrecht. It waard 3-0 yn Ljouwert en alle goals foelen nei it skoft.

Yn it begjin fan de earste helte socht Cambuur al gau de oanfal, mar in hiel soad grutte kânsen wienen der net. Kip wie it tichtst by in goal, mar Dordrecht-keeper Nick Wolters foarkaam dat. Dordrecht krige foar it skoft de grutste kâns, nei't Marvin Peersman hands makke yn de 16. Erik Cummins hold de penalty fan Jafar Arias lykwols tsjin.

Nei tsien minuten fuotbaljen yn de twadde helte kaam Cambuur op foarsprong. Issa Kallon dribbele nei binnen ta en fan de râne fan it strafskopgebied ôf skeat er yn de fiere hoeke raak. Net folle letter makke Xander Houtkoop mei in prachtich ôfstânsskot de 2-0. Tsien minuten foar tiid foel op 'e nij in moaie goal, doe't Ricardo Kip de bal oer Wolters hinne wipte.

Ek dêrnei hienen beide ploegen noch wat grutte kânsen, mar it bleau 3-0. In moaie opstekker foar Cambuur, dat Dordrecht ek foarbygiet yn 'e stân. De Ljouwerters steane no 13e.

SC Cambuur - FC Dordrecht: 3-0 (0-0). 54. Kallon 1-0, 60. Houtkoop 2-0, 80. Kip 3-0

Opstelling Cambuur: Erik Cummins; Jordy van Deelen (46. Furdjel Narsingh), Matthew Steenvoorden, Robbert Schilder, Marvin Peersman, Xander Houtkoop (75. Justin Mathieu); Sai van Wermeskerken, Ricardo Kip, Mathias Schils; Issa Kallon (68. Kevin van Kippersluis), Martijn Barto

(Advertinsje)
(Advertinsje)