Opnamen Joris' Kerstboom yn Dokkum binne "de mooiste ooit"

15 des 2017 - 21:40

De opnamen dy't foar it telefyzjeprogramma Joris' Kerstboom yn Dokkum makke binne, binne de moaiste ea. Dat seit programmamakker en presintator Joris Linssen.

Joris' Kerstboom is in programma fan KRO-NCRV dat alle jierren foar de krystdagen útstjoerd wurdt. Joris Linssen treft dêryn minsken mei bysûndere, faak oangripende ferhalen ûnder de krystbeam. De opnamen wienen altyd yn Den Bosch, mar dit jier waarden der ek opnamen yn Dokkum makke. Yn de stêd dy't prachtich oanklaaid wie, soarge in krystmerk met tal fan kreamkes, in libbene kryststâl en in protte minsken foar in bysûndere sfear, dêr't de hiele tv-crew troch ferrast wie.

It programma Joris Kerstboom' wurdt op krystjûn útstjoerd om 21.10 oere.

(Advertinsje)
(Advertinsje)