"Oanlieding sjitpartij Damwâld leit yn relasjonele sfear"

De oanlieding foar de sjitpartij fan in pear moannen lyn by in supermerk yn Damwâld leit yn de relasjonele sfear. Dat seit de advokaat fan de fertochte. Neffens de advokaat waard har kliïnt mei in stielen piip oanfallen troch it lettere slachtoffer. It sjitten soe út selsferdigening west ha.
De fertochte is in 57-jierrige ynwenner fan Damwâld. Hy sit noch hieltyd fêst. De advokaat woe graach dat de man frijlitten wurde soe, omdat er lêst fan it hert hat, mar de rjochter wegere dat. Dêrtroch kin de man net foar syn beide soannen soargje. Dy binne 17 en 18 jier âld en wurde, neffens de advokaat, bedrige troch famyljeleden fan it slchtoffer. Neffens de rjochter is it noch mar de fraach oft de problemen by de fertochte thús oplost wurde troch de man frij te litten.
By it sjitynsidint op 15 septimber rekke in 68-jierrige ynwenner fan Damwâld ferwûne. Hy koe sels nei de húsdokter ta rinne. De praktyk fan de húsdokter is rjocht tsjinoer it plak dêr't it sjitynsidint wie.
De rjochter hat bepaald dat de fertochte ûndersocht wurde moat troch in psycholooch en in psychiater. De saak wurdt nei alle gedachten yn maart ynhâldlik behannele.