FIDEO: Foarútsjen mei Nyck de Vries

Autokoereur Nyck de Vries is dúdlik: syn doel is it heljen fan de Formule 1. Dat seit de 22-jierrige De Vries yn Fryslân Hjoed. Ofrûne seizoen einige De Vries yn de Formule 2 yn fiif races op it poadium. No makket er de oerstap nei it suksesfolle tiim PREMA Racing. "Dat team is de afgelopen twee seizoenen kampioen geworden. Afgelopen seizoen hebben ze echt gedomineerd." De Vries hopet takom jier troch goed riden yn byld te kommen by in Formule 1-tiim: "De laatste vijf rijders die de Formule 2 hebben gewonnen, zijn doogestroomd naar de Formule 1. Als je de Formule 2 wint, kunnen ze niet meer om je heen."