Minderjierrige fertochten stekpartij Snits langer fêst

15 des 2017 - 19:50
Foto: BTBfotografie

De twa minderjierrigen dy't derfan fertocht wurde dat se wat te krijen ha mei de deadlike stekpartij yn Snits fan tongersdei, bliuwe fjirtjin dagen langer fêstsitten. Dat hat it Iepenbier Ministearje bekend makke. It giet om twa fertochten fan 16 en 17 jier âld út de gemeente Súdwest-Fryslân. By de stekpartij kaam in 39-jierrige man út de stêd om it libben. It ynsidint fûn plak yn de wyk Sperkhem, flak foar de doar fan de Keninginne Wilhelminaskoalle.

Trefwurden: 
Snits stekpartij fertochten
(Advertinsje)
(Advertinsje)