Eilân De Burd net te berikken om stikkene pont

15 des 2017 - 19:44

It eilân De Burd by Grou is op dit stuit net mei de auto te berikken. De pont is stikken. Dat meldt de gemeente Ljouwert. It kin noch wol oant en mei woansdei duorje foardat de pont wer fart, seit in wurdfierder fan de gemeente, om't de brânstofpomp it net mear docht. De nije pomp moat út Ingelân komme.

Salang't de grutte pont net fart, is der in lytser pontsje om fytsers en fuotgongers nei it eilân te bringen.

De gemeente Ljouwert hat de minsken dy't op it eilân wenje op de hichte steld fan de sitewaasje. In gemeentewurdfierder lit witte dat de helptsjinsten ek ynformearre binne. De pont wurdt faaks ynset om by kalamiteiten helpferlieners nei it eilân te bringen. As it nedich is, wurdt dêr no in boat fan de brânwacht foar brûkt.

Trefwurden: 
Grou pont eilân de Burd
(advertinsje)
(advertinsje)