Krekt gjin medalje foar Marrit Steenbergen op EK koartebaan

15 des 2017 - 19:39
Foto: ANP

Swimster Marrit Steenbergen fan Easterwâlde is der krekt net slagge om in medalje te pakken op de 100 meter wikselslach op it EK koartebaan yn Kopenhagen. De 17-jierrige Steenbergen tikke oan nei 59.35 en waard dêrmei fjirde, op 0.09 sekonde achter de Noarse Susann Bjørnsen.

Winner fan de ôfstân waard Katinka Hosszu út Hongarije. Sy wie mei 56.97 fierwei de fluchste. De Sweedse Sarah Sjöström waard twadde.

Trefwurden: 
Marrit Steenbergen swimme EK
(Advertinsje)
(Advertinsje)