Earepenning foar helden fan brân Wolvegea

15 des 2017 - 19:26

Fjouwer ynwenners fan Wolvegea hawwe freed in keninklike earepenning krigen. Dy krije se foar de heldedie op 12 septimber fan dit jier. Op dy dei waard Wolvegea opskrokken troch in grutte brân. It âlde gemeentehûs yn it sintrum baarnde hast folslein út. De fjouwer manlju rêden doe minsken út it gebou en koenen dêrmei slimmer foarkomme. Boargemaster Van de Nadort woe de manlju graach tankje en frege de keninlike earepenning oan by de kening. Freed rikte hy se út oan de helden.

Trefwurden: 
Wolvegea brân
(Advertinsje)
(Advertinsje)