"Lit de ambachtskoalle mar gau weromkomme!"

15 des 2017 - 17:53

"Lit de ambachtskoalle mar gau weromkomme, want dêr is grut ferlet fan." Dat wie de meast hearde reaksje op de Ljouwerter freedsmerk op it tekoart oan fakminsken yn de bou. It tal fakatueres driget de kommende jierren op te rinnen oant sa'n 70.000. Njonken de âlderwetske oplieiding wurdt ek in bettere beleanning en in hegere status faak as oplossing neamd. "Als je op een verjaardag vertelt dat je timmerman of ICT'er bent, dan reageren ze toch anders."

Neffens de grienteman is it gewoan it gefolch fan de krisis: "As de wytlof neat opbringt, giet elkenien oer op winterwoartels." Fierder fertelde immen dat se in soad boufakkers yn de famylje hat wêrûnder in pear broers, mar ja, dy krigen allegear dochters. Mar in protte minsken seagen der ek wer net echt fan op: "As je mear fertsjinje yn de waarmte achter de kompjûter as yn de kjeld op in steiger, tsja, dan snap ik it ek wol."

Trefwurden: 
freedsmerk Opiny
(Advertinsje)
(Advertinsje)