FIDEO: De Lemmer riedt him ta op Dickens Festijn

15 des 2017 - 17:46

It is binnen twa jier útgroeid ta ien fan de grutste krystmerken fan Fryslân: it Dickens Festijn op De Lemmer. Ferline jier kamen der trije kear safolle minsken as ferwachte nei de winterfair yn Charles Dickens-styl. Dêr skrok de organisaasje eins wol wat fan en dêrom is der dit jier in noch serieuzere tarieding. Der is teäter, muzyk en in echte iisbaan. Boppedat komme der artysten as Pearl Jozefzoon en Dries Roelvink. It Dickens Festijn is op 16 en 17 desimber.

(Advertinsje)
(Advertinsje)