Provinsje wol dat skoallen meidogge oan CJP Cultuurkaart

15 des 2017 - 17:38
Foto: Omrop Fryslân, Robea Kleisma

De provinsje stekt hast 90.000 euro yn kultuerûnderwiis foar bern op middelbere skoallen. It jild is bedoeld om mei te dwaan oan de CJP Cultuurkaart. Mei dy kaart kinne skoallen en learlingen makliker meidwaan oan kulturele aktiviteiten, se kinne dêr dan koarting op krije.

As it oan de provinsje leit, komme mear Friezen yn oanrekking mei keunst en kultuer. De CJP-pas kin dêrby helpe, seit de provinsje.

Trefwurden: 
CJP kultuerûnderwiis
(advertinsje)
(advertinsje)