Nije ûntslaggen driigje by NDC Mediagroep

15 des 2017 - 17:17
NDC mediagroep - Foto: ANP XTRA

Der driigje op 'e nij ûntslaggen by de NDC Mediagroep, de útjouwer fan ûnder oare de Leeuwarder Courant, it Friesch Dagblad en it Dagblad van het Noorden. It rendemint fan it bedriuw falt ôf en dat soarget derfoar dat der besunige wurde moat. Dat befêstiget Jorrit Volkers fan de stichting FB Oranjewoud, de grutste oandielhâlder fan de NDC. Om hoefolle banen oft it giet en op hokker ôfdielingen oft ynkrompen wurde moat, wol Volkers net sizze. Dat is oan de lieding fan it bedriuw sels, seit er. De plannen foar de besunigings moatte ein dit jier of begjin takom jier klear wêze. NDC-direkteur Dina Boonstra wie freed net berikber foar kommentaar.

NDC Mediagroep sit al jierren yn swier waar. It tal abonnees fan de kranten is sterk weromrûn. Ek wat advertinsje-ynkomsten oangiet, buorket it bedriuw flink achterút. Yn de ôfrûne jierren binne al hûnderten banen skrast. Sawol de Leeuwarder Courant as it Dagblad van het Noorden hawwe harren eigen kantoaren ferkocht om jild frij te meitsjen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)