Wa sjongt mei by iepening Leeuwarden-Fryslân 2018?

15 des 2017 - 16:06

Fryske basisskoallen kinne har noch altyd oanmelde om mei te dwaan oan de iepening fan Leeuwarden-Fryslân 2018. Dat meldt de organisaasje. Op freed 26 jannewaris is de offisjele ôftraap fan it kulturele jier. It is de bedoeling dat safolle mooglik skoalbern dan op harren eigen skoalle it spesjale LF2018-liet 'Seis oere thús' fan Sytze Pruiksma en Nynke Laverman sjonge. De skoallen meitsje hjir in eigen ferzje fan, filmje dit en diele dat om eksakt 12.00 oere op social media. Sa giet de iepening daliks de hiele wrâld oer.

Neffens de organisaasje is in grut part fan de Fryske skoallen al drok dwaande mei it oefenjen. Net allinnich mei it sjongen, want by it liet hearre ek dûnspaskes. Der binne filmkes makke om de skoallen te helpen by it learen fan it liet en it foarmjaan fan it filmke.

Basisskoallen dy't meidwaan wolle, kinne har oanmelde fia Sjongfestival.frl.

(advertinsje)