Wurkstraf easke tsjin dochter dy't jild stiel fan heit

Rjochter © Omrop Fryslân
Tsjin trije minsken dy't in pear jier lyn in soad jild stellen ha fan in man út Harns, binne wurkstraffen easke fan 180 en 240 oeren. Ien fan de trije is de dochter fan it slachtoffer. Sy siet yn de jildsoargen en hie mei har twa freonen in ynbraak yn sêne set. Dêrby waard ûnder oare de pinpas fan de heit meinaam. Mei-inoar ha se 15.000 euro fan de man stellen. Letter ha de trije ek noch jild besocht te stellen fan in eardere wurkjouwer fan de frou, mar dat mislearre.
Omdat de trije har libben yntusken aardich op de rit ha, easke de offisier fan justysje wurkstraffen, yn stee fan finzenisstraf. De rjochter docht oer twa wiken útspraak.