Gearwurking provinsje en 4 gemeenten by oanlûken bedriuwen

15 des 2017 - 15:17

De fjouwer gemeenten Ljouwert, Smellingerlân, Hearrenfean en Súdwest-Fryslân en de provinsje wolle de kommende fjouwer jier gearwurkje by it oanlûken fan bedriuwen nei Fryslân. De partijen hawwe dit fêstlein yn in konvenant mei de namme 'Vestigen yn Friesland'.

Der komt in spesjaal akwisysjetiim foar alle fjouwer gemeenten dy't bedriuwen aktyf benaderje sille. Ek komme de fertsjintwurdigers fan alle gemeenten jierliks by elkoar. Dêrby is ek de NOM, de Noardlike Untwikkelingsmaatskippij, oanwêzich. Dit is it momint om ta te pakken, fynt wethâlder Henk Deinum fan Ljouwert. It giet de goeie kant op mei de ekonomy en Fryslân hat in goed fêstigingsklimaat.

(advertinsje)
(advertinsje)