Mei app en mobyl lústerje yn seis Fryske tsjerken

© Stichting Alde Fryske Tsjerken
De Stichting Alde Fryske Tsjerken hat foar seis fan har tsjerken in lústerrûte meitsje litten. Minsken kinne fia in app op de mobile telefoan meilústerje yn de tsjerken fan Bears, Britsum, Huzum, Jorwert, Sint-Anne en Sint-Jabik. In froulike ferteller liedt besikers rûn en fertelt nijsgjirrige saken oer de tsjerken. De rûte is benammen bedoeld foar bûten it simmerseizoen. Dan binne der genôch frijwilligers om in rûnlieding te jaan.