Lêste aktiviteit foar boargemaster Hayo Apotheker

15 des 2017 - 14:27

Yn it gemeentehûs fan Snits ha alve minsken meidien oan in bysûndere naturalisaasjeseremoanje. De seremoanje is it lêste ûnderdiel fan it ynboargeringsproses en dan wurdt de 'verklaring van verbondenheid' ôflein. Freedtemoarn waard dat dien troch in Syryske famylje, twa Sinesen, in Algerijn en in Iraniër. Sy ha nei ôfrin blommen, in boekje oer Súdwest-Fryslân en in lidmaatskip fan de biblioteek krigen.

Foar boargemaster Hayo Apotheker wie de seremoanje ek bysûnder. It betsjutte foar him sa'n bytsje de lêste aktiviteit as boargemaster fan de gemeente Súdwest-Fryslân. "Dat ik dermei ophâld, is gjin leed, hear. It is sels keazen. Ik bin 67,5 jier en wy krije no in nije ried. It is moai sa." Apotheker hat sân jier boargemaster west foar de gemeente Súdwest-Fryslân.

(advertinsje)
(advertinsje)