Stijn Vreven 'gewoan' op de bank tsjin SC Hearrenfean

NAC Breda-coach Stijn Vreven © ANP
Wannear't SC Hearrenfean sneontejûn thús tsjin NAC Breda spilet, sit de coach fan de tsjinstanner 'gewoan' op de bank. Stijn Vreven en syn klup binne yn berop gien tsjin de skorsing dy't de trainer krige fanwege syn hâlden en dragen ûnder en nei de wedstriid tsjin FC Twente. De tuchtkommisje fan de KNVB skorste Vreven foar trije wedstriden, wêrfan ien ûnder betingst, mar dêr gie de Belch net mei akkoart.
No't Vreven yn berop gien is, wurdt de saak opskood en sit er sneon yn it Abe Lenstra Stadion dus net op de tribune, mar yn de dug-out.
De wedstriid set sneon om 18.30 oere útein en is streekrjocht te folgjen fia Omrop Fryslân Radio.