Snitser fertochte yn No Surrendersaak bliuwt fêstsitten

© Omrop Fryslân, Karen Bies
De man út Snits dy't dizze wike oppakt is yn in grut ûndersyk nei motorklup No Surrender, bliuwt langer fêstsitten. Dat hat de rjochter-kommissaris besletten. De man wurdt fertocht fan it ôfparsjen of it besykjen ôf te parsjen fan ûndernimmers, in pear jier lyn. Dêr giene tonnen yn om.
De Snitser hie saaklike konflikten mei de ûndernimmers en soe de lieder fan No Surrender ynset ha as in soarte fan ynkassoburo. De motorkluplieder soe de ûndernimmers bedrige ha. Hy is ek oppakt en bliuwt ek langer fêstsitten.