Omrop TIP: Skraabje oan ferve

Yn Drachten waard yn 1921 in huzeblok en de lânbouskoalle troch Theo van Doesburg hielendal ynrjochte neffens de prinsipen fan De Stijl. Yn 2017 waard ien fan dy wenningen yn it blok restaurearre en omfoarme ta museumwenning.

De Stijl

Theo van Doesberg wie tegearre mei Piet Mondriaan de driuwende krêft efter de keunstreaming De Stijl. Foar de 16 wenningen yn Drachten betocht er in kleureskema mei de bekende stylkleuren; read, giel, blau en griis. De lânbouskoalle waard oranje, grien en fiolet. Yn de folksmûle waard de buert dêrom al gau de 'Pappegaaiebuert' neamd troch omwenners.

Dillema's

Yn 2017 waard ien fan de wenningen omtsjoene ta museumwenning. Under de restauraasje kamen ferskillende dilemma's oan bar: is it Van Doesburgbehang echt wol sa bedoeld troch him? Binne der wizigingen yn de plannen kaam? En wat betsjut dat foar de restauraasje? Programmamakker Hans Quatfass folge alles dat alles foar de Fryslân DOK dokumintêre 'Skraabje oan ferve' fan minút oant minút.
De Fryslân DOK dokumintêre 'Skraabje oan ferve' is op snein 17 desimber om 17.00 oere en dêrnei fan 18.00 oere ôf alle oeren by Omrop Fryslân op telefyzje te sjen.