De lêste wiken: de ein fan It Bilt

15 des 2017 - 12:45

Nei in proses fan jierren mei ideeën, ynspraak, tsjinstân en kompromissen is it oer in pear wiken echt safier. Mei yngong fan 1 jannewaris 2018 sille fiif Fryske gemeenten definityf ferdwine. Frjentsjerteradiel, Ljouwerteradiel, Menameradiel, Littenseradiel en It Bilt geane op yn Ljouwert, Súdwest-Fryslân en Waadhoeke. We hearden en seagen dizze wike yn de fiif gemeenten dy't der aanst net mear binne. Hjoed it lêste diel: nei mear as 500 jier komt der in ein oan de gemeente It Bilt.

Ferslachjouwer én Bilkert Geert van Tuinen gie freedtemoarn nei Sint-Anne, werom nei syn eardere wurkplak op it âlde gemeentehûs fan It Bilt. It gebou hat in nije bestimming krigen en Anneke Bögels-Brouwer sil der har húsdokterspraktyk yn fêstigje. Der komme acht nije sprekkeamers en ek in fysiopraktyk. Yn de âlde riedsseal komt in apoteek.

Utfanhûs

Hoewol't Bögels-Brouwer sels gjin Bilkert is, is it gemeentehûs bekend terrein foar har. Har pake Wiebe Brouwer wie nammentlik 35 jier lang, en dêrmei de langstsittende, gemeentesekretaris op It Bilt. As lyts famke gie se faak útfanhûs by pake en beppe en helle se him op fan it wurk. Pakes âlde wurkkeamer wurdt no har kantoar foar de administraasje. Bögels-Brouwer is der wiis mei, al like it fertrek eartiids folle grutter. "Yn myn belibbing as lyts famke wie it in hiel grutte keamer."

Prutshokje

Ek Geert van Tuinen, dy't op 1 augustus 1971 as learling-amtner op de ôfdieling Sosjale Saken kaam te wurkjen, hie oare ôfmjittingen yn gedachten. "Yn de tiid dat ik hjir kaam, kamen je amper yn dizze keamer, want dêr siet de gemeentesekretaris. No stean ik hjir: it is eins in prutshokje! Ik tocht dat it hiel grut wie."

Mear ôfstân

Dat de gemeente It Bilt no ophâldt te bestean, docht haadredakteur Gerard de Jong fan de Bildtse Post wol wat sear. "Je foele wel dat der wat ferdwynt en dat skuurt wel es wat, mar dat proses is al wel wat weest foor mij." Neffens De Jong komt der no letterlik en figuerlik ek mear ôfstân tusken de nije gemeente en syn krante. Omdat it gemeentehûs fan Waadhoeke yn Frjentsjer komt, kin hy net mear op de fyts nei de riedsgearkomsten. Dochs sil hy de gemeente kritysk folgjen bliuwe en wol hy him mei De Bildtse Post noch mear rjochtsje op de Biltske taal en kultuer.

Trefwurden: 
weryndieling It Bilt
(Advertinsje)
(Advertinsje)