Plysje heart fertochten deadlike stekpartij Snits

15 des 2017 - 12:33
Foto: BTBfotografie

De twa fertochten fan de deadlike stekpartij yn Snits wurde freed heard. Dat seit de plysje. Om't it om in swier delikt giet wêr't se fan fertocht wurde en de fertochten ûnder de achttjin jier binne, wurdt mei it ferhear wachte oant de sechtjin- en santjinjierrige in advokaat ha. Dat sil yn de rin fan freed barre.

By de stekpartij kaam in 39-jierrige Snitser om it libben. Hy ferstoar midden op strjitte. Dat barde op de Johan Willem Frisostrjitte yn Snits.

(Advertinsje)
(Advertinsje)