Priis fan wetter giet omheech yn twa Fryske gemeenten

15 des 2017 - 11:29
Foto: Omrop Fryslân

Ynwenners fan Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel binne tenei folle mear jild kwyt foar harren drinkwetter. Dêrtroch betelje de ynwenners fan dizze gemeenten jierliks tusken de sechtich en 105 euro mear foar it wetter. Net allinnich yn dizze twa Fryske gemeenten giet de wetterpriis omheech, mar ek yn fiif gemeenten bûten Fryslân. It giet yn totaal om 90.000 ynwenners.

Neffens wetterliedingsbedriuw Vitens rekkenje dizze sân gemeenten yn harren wurkgebiet mei yngong fan kommend jier prekariorjochten. Vitens hie beswier makke tsjin de heffing. Dizze heffing is sûnt 1 july dit jier ôfskaft, mar der jildt in oergongsregeling fan fiif jier. De sân gemeenten ha der no foar keazen om de heffing oant 2022 op te lizzen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)