Streppel: "Tegen NAC met zelfde passie als tegen Feyenoord"

15 des 2017 - 10:33

SC Hearrenfean hopet it goede gefoel, dat se krigen ha fan it 1-1 lyk spul tsjin Feyenoord, mei te nimmen nei de wedstriid tsjin NAC Breda. Nei in mindere perioade wurdt it lyk spul yn Rotterdam troch trainer Jurgen Streppel sjoen as in bonuspunt. Streppel: "Ik denk wel dat we hier moraal uit hebben gehaald. Nu herstellen en dan van NAC winnen."

NAC Breda is de nûmer 16 fan de earedifyzje. Dochs ferwachtet Streppel in lêstige wedstriid. "Waarschijnlijk zullen ze niet vol op de aanval gaan spelen. NAC is een goed voetballend elftal met een aantal geweldig creatieve jongens. We zullen met dezelfde passie moeten spelen als tegen Feyenoord."

Streppel lit him net út oer de opstelling, mar de ferwachting is dat hy net in soad feroarje sil. Dúdlik is dat Henk Veerman opnij de foarkar krijt boppe Reza Ghoochannejhad yn de punt fan de oanfal. Streppel: "Henk heeft bewezen dat hij een neusje voor de goal heeft. Laten we eerlijk zijn, uiteindelijk gaat het om doelpunten. Maar ik denk dat Henk en Reza ook samen zouden kunnen spelen, maar dat zullen we dan vaker moeten oefenen."

Henk Veerman skoarde yn de lêste trije wedstriden tsjin Roda JC, VVV en Feyenoord.

(Advertinsje)
(Advertinsje)