Kollum: "Fjoerwurk"

15 des 2017 - 08:20

"It geseur oer de iene tradysje is noch net ôfrûn of it geseur oer de oare begjint alwer. De tradysje om rûn en op âldjiersjûn fjoerwurk ôf te stekken leit ûnder fjoer en dizze kear ha ik dêr wol begryp foar, want ik ha sels in freeslike hekel oan fjoerwurk. Mar wy hawwe ek trije jonges en ik wit hoe machtich dy mantsjes it funen as it hast wer âldjiersjûn wie.

Us dochter hat der noait wat om jûn, mar de jonges dus wol. It wurdt al wat minder no't se âlder wurde mar dochs bin ik grif ek dit jier wer mei de jongste op 'en paad om tassen fol fjoerwurk te heljen. Ik warskôgje se altyd, ik kom sels net bûten op âldjiersjûn en ik wol eins ek net de wille foar in oar bedjerre.

Mar dat hoecht ek net, want dy wille bedjerre de fjoerwurkleafhawwers wol foar harsels troch fierste betiid te begjinnen en de knallen wurde hieltyd lûder. Twa jier lyn is de hûn fan goede kunde fan ús deariden omdat omkoalen betocht hiene midden op 'e dei in karbidkanon ôf te sjitten yn in wenwyk. It wie moai waar, mem helle har jonkje út skoalle en de hûn siet yn 'e tún achter it stek.

Doe't se op it skoalplein stie, hearde se de knal en gong se gau nei hûs. Mar de hûn wie fan skrik oer it stek sprongen, yn bline panyk útnaaid en op 'e dyk deariden troch immen dy't it earme bist net mear ûntwike koe. Dat wie rûn 13 novimber en dat is fierste betiid. Want minsken mei bange bisten, kinne fansels net ein oktober al begjinne mei pillen en tariedings omdat oaren har net oan 'e spulregels hâlde kinne.

Ik ha de earste knallen yn Warten ek allang wer heard. Silst op dat momint mar krekt efkes in blokje om wêze mei de hûn. Dat soe dochs gewoan kinne moatte yn novimber en begjin desimber, mar ik doar it jûns net mear oan. Us hûntsjes binne gelokkich net sa bang as se yn 'e hûs binne. Mar ik wit seker dat wannear't ik my deaskrik fan sa'n dreun, dy bisten ek senuwêftich wurde.

Der binne hieltyd mear minsken dy't it leafst wolle dat partikulieren gjin fjoerwurk mear ôfstekke meie. Dan soe it op âldjiersjûn organisearre wurde moatte troch de gemeente of sa. Yn Warten hawwe wy ek in ploech dy't jild ynsammellet foar in fjoerwurkshow. Dat kin ik moai achter it rút wei sjen en sierfjoerwurk mei ik wol lije.

Mar om it te ferbieden, dat sjoch ik ek net goedkommen want alles wat stikem moat, is noch folle leuker. En as je dan dochs al fout binne, kinne je ek likegoed mar it swierste fjoerwurk brûke wat der is. Omdat ik wit hoe grut de oanlûkingskrêft is dy't it op jonkjes en ek mannen hat, soene we dy wol tekoart dwaan.

It is foar in soad mannen, en miskien ek wol foar guon froulju in hichtepunt fan it jier. Se helje it fjoerwurk oeral wei en jouwe der bakken jild oan út. It kin ek bêst wol gesellich wêze om mei elkoar op it sportfjild karbid te sjitten en nachts op 'e dyk fjoerwurk ôf te stekken en de foarwille is hast like grut as it ôfstekken sels.

Dochs barre der alle jierren freeslike ûngemakken, is it in hel foar bange bisten en minsken, mar ik tink net dat we it fjoerwurk de skuld jaan moatte. It binne de lju dy't der net op in ferantwurdlike manier mei omgean kinne. Sokken komme der hieltyd mear en dy ferknalle it letterlik foar de rest."

(Advertinsje)
(Advertinsje)