SKS lit sylformule hifkje troch eksternen

De Sintrale Kommisje Skûtsjesilen sil fan takom jier ôf harren sylformule hifkje litte troch in eksterne partij. Dat waard tongersdeitejûn unanym besletten op in gearkomste fan de feriening. Reden fan de maatregel wiene twa saken út it ôfrûne SKS-seizoen, wêryn't Langwar net fierder sile woe en De Jouwer diskwalifiseard waard. "Soks mei noait wer gebeure", fertelde René Nagelhout, foarsitter fan de SKS.
Der wie ôfrûne simmer diskusje oer de ôfmjittings fan it seil. "Wy ha in formule dy't oanjout hoefolle kante meter it seil wêze mei en welke ferhâldings it ha moat", sei Nagelhout. "Wy ha no in foarstel oannaam om de kommende fiif jier troch te gean mei de sylformule. Ek ha wy besletten om monitoring fan de formule dwaan te litten. Eksternen sille dit hifkje. Dy sille nei de útgongspunten fan ús formule sjen en beoardiele oft dizze wol of net oanpast wurde moatte."