LTO Noord set fol yn op duorsume lânbou

LTO Noord set de kommende jierren fol yn op it ferduorsumjen fan de lânbou. Dat sei foarsitter Trienke Elshof tongersdei nei ôfrin fan de ledegearkomste fan de lânbou-organisaasje yn Drachten. Neffens Elshof kin de sektor net mear om de útdaging fan in duorsume produksje hinne. Boeren dy't mei wolle, krije dêrby folsleine stipe. Mar foar boeren dy't net oan de fernijing meidwaan wolle, wurdt tocht oan in ûntmoedigingsbelied.
Elshof wol it belied de kommende tiid fierder útwurkje yn gearwurking mei de agraryske sektor, de ferwurkjende bedriuwen en de oerheid. Dêrby kin bygelyks tocht wurde oan in preemje op de produksje fan duorsum produsearre produkten en in legere priis foar produkten dy't hjir net oan foldogge. Fan de oerheid hopet se ek op stimulearjend belied.