Het Spectrum yn Burdaard rêden fan fallisemint

14 des 2017 - 22:56
It multyfunksjonele sintrum yn Burdaard - Foto: www.mfcburdaard.nl

Multyfunksjoneel sintrum Het Spectrum yn Burdaard bliuwt bestean. De gemeenteried fan Ferwerderadiel hat tongersdeitejûn ynstimd mei in rêdingsplan foar it mfc. In driigjend fallisemint fan Het Spectrum is dêrmei fan tafel. It sintrum krijt ûnder mear in nije hypoteek mei in legere rinte en ek wurde iepensteande skulden skrast.

Al sûnt de iepening fan it sintrum yn 2011 stie de finansjele helberens fan Het Spectrum faai. Ferskate bestjoeren besochten in finansjeel sûn mfc op te bouwen, mar dat slagge kear op kear net.

Trefwurden: 
mfc It Spektrum Burdaard
(Advertinsje)
(Advertinsje)