Seis keninklike ûnderskiedingen útrikt yn Fryslân

14 des 2017 - 21:40
Foto: ANP

Ferskate minsken yn de provinsje binne tongersdeitejûn keninklik ûnderskieden. Sa waard yn Ljouwert Leendert Klaassen fan Súdhorn beneamd ta Offisier yn de Oarder fan Oranje-Nassau. Dat barde by syn ôfskied as foarsitter fan it kolleezje fan bestjoer fan hegeskoalle Stenden. Klaassen wie yn 2001 al beneamd ta Ridder, mar waard tongersdeitejûn troch boargemaster Ferd Crone promovearre ta Offisier.

Ek fjouwer riedsleden fan de gemeente Súdwest-Fryslân krigen in lintsje. Dat wienen Baukje Miedema en Titia Tjalsma-de Wilde fan de VVD, Jentje Steringa fan it CDA en Peter Walinga fan Gemeentebelangen. Ek Liesbeth Terpstra fan Frjentsjerteradiel waard keninklik ûnderskieden.

(Advertinsje)
(Advertinsje)