Aksjefierder Haitsma tefreden oer oanpak Suderseestrjitte

14 des 2017 - 21:07

Aksjefierder Henk Haitsma fan De Lemmer is tefreden oer de nije plannen foar it opknappen fan de Suderseestrjitte en omjouwing. Wenningbouferiening Lyaemer Wonen stelt de bewenners foar om 140 huzen te slopen en 80 te renovearjen. Nei konsultaasje fan de bewenners komt Lyaemer Wonen no mei dizze plannen. Ofrûne simmer wie it plan noch om alles te slopen. Haitsma sette doe in hantekeningaksje op. Dêrút die bliken dat 75 persint fan de bewenners foar renovaasje wie.

Fergoeding

Haitsma fynt dat de wenningbouferiening goed nei de bewenners lústere hat. Ek is hy tefreden dat syn eigen hûs renovearre wurdt. Wol is Haitsma fernuvere dat safolle minsken earst foar renovaasje wiene en no ynstimme mei nijbou. Hy tinkt dat de preemje fan hast 6.000 euro dy't bewenners fan de nijbouwennings út it foarútsjocht steld is dêrby in wichtige rol spilet. Hierders mei in renovaasjewenning krije dy fergoeding net. Haitsma wol graach witte wêrom't minsken mei in nijbouwenning sa'n grut bedrach krije en bewenners fan in opknapte wenning net. Neffens him hawwe beide groepen sa goed as deselde kosten as se de wenning straks wer ynrjochtsje moatte.

Gearkomste

Takom wike tongersdei is der noch in gearkomste fan Lyaemer Wonen mei de bewenners. As 70 persint fan de bewenners foar de plannen is geane se troch. Haitsma ferwachtet dat dit wol slagje sil.

(Advertinsje)
(Advertinsje)