Twa fertochten deadlike stekpartij Snits oanhâlden

14 des 2017 - 20:18
Foto: BTBfotografie

De plysje hat tongersdei twa fertochten oanhâlden foar belutsenheid by de deadlike stekpartij yn Snits earder op de dei. It giet om twa fertochten fan 16 en 17 jier út de gemeente Súdwest-Fryslân. By de stekpartij kaam in 39-jierrige man út de stêd om it libben. It ynsidint fûn plak oan de Johan Willem Frisostrjitte yn Snits.

Neffens buertbewenners waard de man yn syn hûs delstutsen en is er op strjitte ferstoarn. Dat wie flakby in basisskoalle. Oft de skoalbern dêr ek wat fan sjoen hawwe, is net bekend. It slachtoffer wie mooglik aktyf yn it drugssirkwy.

(Advertinsje)
(Advertinsje)