Sniebalgefjocht rint út 'e hân op Magister Alvinus yn Snits

14 des 2017 - 20:05
RSG Magister Alvinus yn Snits

In groep learlingen fan it RSG Magister Alvinus yn Snits hat him dizze wike earnstich misdroegen. Dat hat de rektor fan de skoalle de âlden en learlingen yn in brief witte litten. In groep learlingen hat ôfrûne moandei en tiisdei auto's bekûgele mei snieballen. Dit hat laat ta in soad skea, lilke reaksjes en klachten fan de slachtoffers. Meiwurkers fan de skoalle besochten eskalaasje foar te kommen, mar dat wie dreech. Learlingen fersetten har en wienen foar gjin rede fetber. Dat gie sels sa fier, dat it ûnderwiispersoniel har net feilich fielde en de feilichheid yn gefaar kaam.

Filmkes fan de misdragingen fan de bern ferskynden dizze wike op de webside fan Dumpert. Neffens it RSG Magister Alvinus wurde der maatregels nommen tsjin de oertrêders. De skoalle docht ek in berop op de âlden om de foarfallen thús mei de bern te bepraten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)