Tal fjoerflinters yn Braandemeer bot ôfnaam

14 des 2017 - 17:19

It tal fjoerflinters yn it natuergebiet Braandemeer yn Weststellingwerf is de ôfrûne wiken mei sa'n njoggentich persint ôfnaam. Nei alle gedachten komt dat troch in flater by de ûnderhâldswurksumheden oan de sleatten yn it gebiet. De fegetaasje by it wetter is dêr foar in grut part fuort skrabbe. De rûpen fan de fjoerflinter oerwinterje yn dy planten en it grutste part fan har hat it wierskynlik net oerlibbe.

Hoe grut de skea foar de populaasje krekt is, moat fan it simmer blike. Yn Nederlân binne mar trije fjoerflinterpopulaasjes en it is mar de fraach oft it tal flinters yn de Braandemeer wer groeie kin.

(Advertinsje)
(Advertinsje)