ROC Friese Poort hat fyftjin 'topopliedingen'

14 des 2017 - 17:16
De Friese Poort oan de Anne Wadmanwei yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân

Fyftjin opliedingen fan ROC Friese Poort ha it predikaat 'topoplieding 2018' krigen yn de Keuzegids Mbo, dy't tongersdei ferskynd is. It giet om ûnder oare grafyske opliedingen, finansjeel administrative beroppen en logistyk. De hoareka-opliedingen fan de Friese Poort dogge it ek goed. Dy skoare lanlik in fjirde plak en binne it bêste fan Noard-Nederlân. De keuzegids foar it Mbo beoardielet en ferliket de kwaliteit fan alle mbo-opliedingen en komt ien kear yn it jier út.

(Advertinsje)
(Advertinsje)