Taksysjauffeur mishannele mei jutesek; wurkstraf easke

14 des 2017 - 17:10
De rjochtbank yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Tsjin in man út Mildaam is 180 oeren wurkstraf easke, omdat er fan 't simmer mei in maat in taksysjauffeur mishannele hat. It slachtoffer hie besocht in rúzje tusken twa passazjiers del te bêdzjen. Doe't er letter nachts thúskaam, waard er troch twa manlju mishannele. Ien fan har wie de soan fan ien fan de passazjiers. De taksysjauffeur waard slein mei in jutesek mei nei alle gedachten stiennen deryn.

De man út Mildaam ûntkent dat er der wat mei te krijen hat. De saak fan de oare fertochte wie achter sletten doarren, omdat er doedestiids minderjierrich wie. It slachtoffer is ophâlden mei syn wurk, hy kin it net mear opbringe om yn de taksy te stappen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)