Weststellingwerf ûnder betingst akkoart mei mear gaswinning

Gaswinning © ANP
De gemeente Weststellingwerf giet akkoart mei de plannen fan gaswinbedriuw Vermilion om ekstra gas te winnen by Finkegea. Mar dat giet wol ûnder betingst, skriuwt de gemeente oan it ministearje fan Ekonomyske Saken.
Weststellingwerf wol witte hoefolle gas oft der wûn wurde sil en wannear't it boarjen begjint. Der moat ek in nulmjitting dien wurde, foardat de gaswinning begjint. In ûnôfhinklike kommisje moat der komme om eventuele skea te beoardieljen, fynt de gemeente. Dêrneist moat yn de gaten hâlden wurde oft de grûn fersakket. It ministearje besjocht de betingsten fan Weststellingwerf en beslút úteinlik wat dêr mei dien wurdt.