Grutte hollen Ljouwerter mistfontein pleatst

Foar it Ljouwerter treinstasjon is tongersdei de mistfontein pleatst. It giet om de earste fan alve fonteinen dy't yn alle alve Fryske stêden komme, fanwege Kulturele Haadstêd 2018.
De mistfontein yn Ljouwert bestiet út twa grutte hollen, ien fan in famke en ien fan in jonkje. De bylden binne makke yn Barcelona en waarden de ôfrûne dagen dizze kant út brocht. It pleatsen hat it grutste diel fan de dei yn beslach naam. De mist komt der letter by.