Plannen foar grutte teäterfoarstelling oer Alvestêdetocht

14 des 2017 - 17:00

Yn 2020 moat in grutskalige teäterfoarstelling komme oer de Alvestêdetocht. Foar it spektakel Elfsteden Experience 2020 sil der in nij teäter boud wurde mei in iisflier en plak foar 1500 besikers.

De organisatoaren, dy't foarich jier ek de Tocht van Morgen hâlden ha, helje de ynspiraasje út de musikal fan Soldaat van Oranje. De organisaasje is ek in gearwurking oangien mei de útfierend produsint fan dizze musikal. Soldaat van Oranje is al jierren útferkocht en dat moat ek it gefal wurde mei de Elfsteden Experience 2020. Foar de musikal Soldaat van Oranje wie 9,5 miljoen euro oan startkapitaal nedich. De foarstelling oer de Alvestêdetocht moat ek in miljoeneprojekt wurde.

De tariedings op Elfsteden Experience 2020 binne yntusken fan start gien. It skript moat takom jier klear wêze. Kreatyf produsinte Madelène van Beuzekom seit dat de foarstelling de minsken net wer loslitte sil.

No sneon is der al in lyts foarpriuwke fan de foarstelling op de iisflier fan de krystmerk yn de Blokhúspoarte yn Ljouwert. Dy foarstellings, dy't 20 minuten duorje, binne om 15.00, 16.30 en 18.00 oere.

(Advertinsje)
(Advertinsje)