Sloop hûzen Suderseestrjitte op De Lemmer giet troch

© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Yn de Suderseestrjitte en dêromhinne op De Lemmer giet mear as de helte fan de hûzen plat. De rest wurdt renovearre. Dat hat wenningkorporaasje Lyaemer Wonen besletten, yn oerlis mei de bewenners. Fan it simmer ha bewenners fan de strjitte noch hantekeningen oanbean oan Lyaemer, om de sloop tsjin te hâlden.
De korporaasje hat mei de arsjitekt de buert yn west om mei de minsken te bepraten wat better kin mei de hûzen en de wyk. Dêrnei hat Lyaemer de plannen foar sloop, nijbou en renovaasje fierder útwurke. Dy plannen ha in grut draachflak, seit de korporaasje. Nije wike is der in ynformaasjejûn foar de wykbewenners.