Belgysk planetarium tentoansteld yn Frjentsjer

Frjentsjer hat de kommende moannen net ien, mar twa planetariums út de 18de iuw. Neist it wrâldferneamde planetarium fan Eise Eisinga stiet der fan tongersdei ôf ek it folslein ûnbekende planetarium fan Paulus en Ghiesbreght. Dat komt út België en is, krekt as dat fan Eisinga, boud yn 1781.
It is boud op in dressoir en bestiet út ferskate astronomyske apparaten. Sa is der in sinnestelsel te sjen mei alle planeten en ien wêrby't de sinne en de planeten om de ierde draaie.