Wêr hat Fryslân dit jier it meast op googele?

14 des 2017 - 14:56
Foto: Omrop Fryslân

'Stemwijzer' is it wurd dêr't yn Fryslân yn 2017 it faakst nei socht is op de online sykmasine Google. Dat docht bliken út in ynventarisaasje fan de sykgigant. Oan de ein fan it jier sjocht Google altyd hokker syktermen yn bepaalde lannen en regio's it measte brûkt binne, en yn Fryslân stiet 'stemwijzer' dus boppeoan.

Mienskip libbet mei

De list foar Fryslân lit in pear opfallende saken sjen. Sa is út it listje op te meitsjen dat de fermissingen fan sawol Westerener Remon Bruinsma as dy fan Anne Faber earder dit jier bot libje yn de provinsje. Bruinsma wurdt sûnt de nacht fan tongersdei 30 novimber op freed 1 desimber fermist. Syn fermissing makket safolle los yn de Fryske mienskip dat syn namme yn twa wiken tiid ien fan de meast sochte saken op Google is.

Fuotbal

Fuotbal docht it altyd goed yn de syktermelist fan Google, mar der is wat nuvers mei de Fryske list mei syktermen. Want sawol SC Cambuur as SC Hearrenfean binne net werom te finen yn de top 10. De Friezen hawwe kwa fuotbal it ôfrûne jier nammentlik it faakst socht op 'Ajax'. De klup út Amsterdam stiet op it fjirde plak. Dit soe mooglik wat te krijen hawwe kinne mei de Europa League-finale dy't de Amsterdammers yn 2017 spilen. Lanlik sjoen stiet dy wedstriid nammentlik yn de top 10 fan meast sochte syktermen.

Poëzij

Ek soarge Sinteklaas foar in pear tige populêre syktermen: 'Rijmwoordenboek' en 'Sinterklaas Gedichten' steane op de plakken 5 en 6. Hjirmei is nei alle gedachten wol te konkludearjen dat Friezen oer it algemien net de flotste dichters fan it lân binne. Neffens Google is ek de nûmer 10 yn Fryslân opfallend: telefyzjeprogramma Utopia. Dizze term komt nammentlik hielendal net werom yn it lanlike oersjoch fan syktermen.

De folsleine top 10 fan meast brûkte Google-syktermen yn Fryslân:

  1. stemwijzer
  2. remon bruinsma
  3. anne faber
  4. ajax
  5. rijmwoordenboek
  6. sinterklaas gedichten
  7. patricia paay
  8. weerbericht
  9. fidget spinner
  10. utopia

Syktermen dy't wol yn de Nederlânske top 10 steane mar net yn de Fryske, binne 'Abdelhak Nouri', 'Staatsloterij Oudejaarstrekking', 'iPhone 8', 'Tour de France', 'Songfestival' en dus 'Ajax Manchester United'.

Trefwurden: 
Google Stemwijzer syktermen
(Advertinsje)
(Advertinsje)