Ferfier nei en op de Waadeilannen moat duorsumer wurde
Suniger fearboaten, konteners yn stee fan frachtweinen en ien app wêrmei't reizgers alles regelje kinne. Dat stiet yn in saneamde Verkenning nei it duorsumer meitsjen fan it ferfier nei de Waadeilannen. De Verkenning is makke troch ûnder oare de Waadferiening, rederijen, provinsjes en gemeenten.
It is in earste ûndersyk nei de takomst fan de oanienskeakeling fan it ferfier nei de Waadeilannen. Dat moat fan 2029 ôf duorsum fan opset wêze. Neist suniger fearboaten wurdt tocht oan it oanbieden fan elektryske auto's en taksys op de eilannen. Yn stee fan mei frachtweinen wurdt guod yn konteners nei de eilannen brocht. Dy binne minder swier, wêrtroch't de fearboaten lichter wurde kinne en minder faak op en del hoege.