It Gryn tredde swimbad mei lisinsje foar nasjonale diploma's

14 des 2017 - 14:18

Swimbad It Gryn yn Stiens hat as tredde swimbad fan BV Sport in lisinsje Swim-ABC gekregen. Dêrmei foldocht it swimbad oan nije kwaliteitseasken foar it jaan fan swimlessen foar de nasjonale swimdiploma's. Neist It Gryn hawwe de Ljouwerter swimbaden It Kealledykje en De Blauwe Golf fan BV Sport dizze lisinsje. Allinnich swimbaden mei de lisinsje meie fan 1 jannewaris kommend jier ôf it Swim-ABC útjaan.

Trefwurden: 
It Gryn swimbad Stiens lisinsje
(advertinsje)